Barradiel

Barradiel

It plattelân fan Barradiel mei yn 'e fierte de Toer fan Furdgum.
flagge wapen

Wapen fan Barradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Seisbierrum
grutste plak Minnertsgea
ynwennertal 6.657 (1980)[1]
befolkingstichtens 109,0 / km²
oerflak 61,10 km²[2]
tal doarpen 8 (oarspr. 9)
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Barradiel
1971 ferlies Almenum en Mullum[3]
opheft 1984
opgien yn Frjentsjerteradiel
It Bilt
Harns
no part fan De Waadhoeke
Harns
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Barradiel (Nederlânsk en offisjeel: Barradeel) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, oan 'e kust fan 'e Waadsee. Dizze gemeente hie yn 1980 in befolking fan 6.657[1] minsken, en besloech in oerflak fan 61,1 km².[2] Barradiel bestie as bestjoerlike ienheid al fan 'e fjirtjinde iuw ôf en omfieme ûnder mear de krite fan De Bjirmen.[4] De gemeente hie in dúdlik eigen identiteit ûntwikkele, mei in eigen, justjes ôfwikende foarm fan it Klaaifrysk: it Bjirmsk. Der bestie dan ek fûleindich ferset tsjin 'e plannen om 'e gemeente op te heffen, mar ta einbeslút mocht dat net bate en gie Barradiel yn 1984 fierhinne op yn it nije Frjentsjerteradiel, wylst lytsere dielen taheakke waarden oan It Bilt en Harns.[1]

  1. 1,0 1,1 1,2 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 8.
  2. 2,0 2,1 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 215-216.
  3. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 26.
  4. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bieren, De.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne