Moermansk

Moermansk (Russysk: Мурманск) is in stêd oan de Moermankust fan de Barentssee yn it noardwesten fan de Russyske Federaasje. Moermansk is de haadstêd fan de bestjoerlike regio, de oblast Moermansk. Moermansk hat 279.064 (2022) ynwenners en is de grutste stêd boppe de poalsirkel. Moermansk leit op it Kola-skiereilân en is in wichtige marinebasis. Dit komt omdat de haven it hiele jier troch frij fan iis bliuwt troch de waarme(re) Golfstream.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne