Patronaatsrjocht

It patronaatsrjocht (Latyn: ius patronatus), tsjerkepatronaat, of koartwei patronaat wie yn de snuorje fan it feodalisme it rjocht in útstel foar it beneamen fan in pastoar fan in karspel te dwaan. Minder bekend wie dat in patronaatsrjocht fêstlein wurde koe by it oprjochtsjen fan in benefisium of in fikary. It einbeslút waard troch de biskop dien, mar dy bekrêftige almeast it diene útstel.

It patronaatsrjocht joech politike ynfloed en de hâlder fan it rjocht ûntfong it ynkommen fan de karspel. Ek koe de patroanhillige fan de karspel fêststeld wurde. Dêrfoaroer stie dat de pastoar en de tsjerke ûnderholden wurde moast. Benammen abdijen, mar ek kapittels hiene patronaatsrjochten.

De manier om streekrjocht in patronaatsrjocht te bemachtigjen wie om sels karspels te stiftsjen sa as bygelyks yn lânoanmakkerijen, dochs se waarden ek wol skonken troch eallju dy't dy rjochten hiene.

Dyjinge dy't it patronaatsrjocht krige, waard in kollator neamd. De kollator mocht in útstel dwaan wa it ynkommen fan de fikary krije koe. De kollator koe in preester of in likebroer wêze. Yn de midsiuwen wiene it by dy soarte stiftings benammen partikulieren dy't it patronaatsrjocht krigen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne