Sinteklaas

Sint en Pyt

It Sinteklaasfeest (sinteklaazjen) is basearre op ferskate tradysjes dy’t om de nammedei, 6 desimber, fan biskop Niklaas fan Myra hinne ûntstien binne. Niklaas libbe yn de tredde iuw n.Kr. yn Lyts-Aazje. Yn Nederlân wurdt benammen de Pakjejûn op 5 desimber en yn Belgje de nammedei fan 6 desimber fierd. Doe’t it Sinteklaasfeest yn Nederlân foaral in bernefeest wie, fûnen de bern op 6 desimber snobbersguod of kadokes yn harren skoech of klompe. Dy waarden op de foarjûn by de hurd setten. De ûnderwizer Jan Schenkman skreau yn 1850 in lêsboekje mei de titel “Sint Nikolaas en zijn Knecht”. Dat boekje hat grutte ynfloed hân op de hjoeddeiske tradysje. Schenkman kaam mei trije nije eleminten: in feint foar Sinteklaas, in yntocht en de stoomboat.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne