Alde Testamint

Alde Testamint
algemiene gegevens
oarspr. titel Tenach
auteur ferskaat (anonym)
taal Hebriuwsk, Arameesk
foarm non-fiksje, proaza, poëzij
sjenre religiosa
skreaun 10e – 2e iuw f.Kr.
bondel Bibel
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Alde Testamint
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It Alde Testamint (Latyn: Vetus Testamentum) is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't it earste part fan 'e Bibel foarmje, it hillige boek fan it kristendom en it joadendom. Hoewol't it rûchwei oerienkomt mei de Tenach, de joadske bibel, wurdt de namme "Alde Testamint" inkeld yn 'e kristlike kontekst brûkt, om it te ûnderskieden fan it lettere Nije Testamint. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Hebriuwsk, útsein guon passaazjes yn 'e boeken Ezra, Jeremia en Daniël, dy't yn it Arameesk wiene. De earste Fryske oersetting fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1943.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne