Anne Frank

Anne Frank (1940)
Symboalyske grêfstien foar Anne en Margot Frank yn Bergen-Belsen (2003)

Annelies Marie (Anne) Frank (Frankfurt am Main, 12 juny 1929Bergen-Belsen, begjin maart[1] 1945) wie in út Dútslân kommend Joadsk famke dat bekend wurden is troch it deiboek dat se skreau yn de Twadde Wrâldoarloch, doe't se ûnderdûkt siet yn in efterhûs yn Amsterdam. Se stoar oan útputting en/of flektyfus yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. It deiboek is postúm publisearre en letter oersetten yn in soad talen. It boek hat wyls in oplage fan meardere miljoen.

Anne Frank is opnomd yn de Kanon fan Nederlân fan de kommisje-Van Oostrom as ien fan de fyftich tema's.

  1. Biografy fan Anne Frank troch David Barnouw yn it Biografische Woordenboek van Nederland. De offisjele ferstjerrensakte fermeldet 31 maart 1945 as stjerdatum.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne