Arameesk

Arameesk
algemien
eigen namme ܐܪܡܝܐ, Arāmāyā
lânseigen yn Irak
Iraan
Israel
Jordaanje
Libanon
Palestina
Syrje
Turkije
tal sprekkers Arameesk sels:
Arameeske talen: 1,2 miljoen
skrift hist. ferskaat; no Syrysk skrift
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
  ● Semitysk
    ● Westsemitysk
      ● Middensemitysk
        ● Noardwestsemitysk
          ● Aramoïde
            ● Arameesk
              ● Arameesk
dialekten sjoch: Arameeske talen
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
net as sadanich; wol
   beskate Arameeske talen
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3

It Arameesk (Aldarameesk: 𐤀𐤓𐤌𐤉𐤀; Klassyk Arameesk: 𐡀𐡓𐡌𐡉𐡀; Joadsk Babyloanysk-Arameesk: אַרָמָיָא; Syrysk: ܐܪܡܝܐ; transliterearre nei it Latynske alfabet: Arāmāyā) is in no útstoarne taal dy't foarhinne yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten sprutsen waard. Hy heart ta de Noardwestlike kloft fan 'e Semityske talen, dy't sels wer ûnderdiel útmeitsje fan 'e Afro-Aziatyske taalfamylje. It Arameesk wie it naust besibbe oan û.m. it Hebriuwsk en it Fenisysk. De skiednis fan 'e taal giet teminsten werom oant 1200 f.Kr. Fan 'e tsiende iuw f.Kr. ôf is it Arameesk skriftlik oerlevere, wêrnei't it him yn 'e tiid fan it Nijassyryske Ryk, yn 'e earste helte fan it earste milennium f.Kr., ûntwikkele ta in lingua franca yn it hiele Heine Easten. It wie ien fan 'e talen dêr't de Bibel yn skreaun waard. Geandewei de twadde helte fan it earste milennium f.Kr. begûn de taal útinoar te fallen, wêrby't de ûnderskate dialekten har ûntjoegen ta de Arameeske talen dy't no ek noch sprutsen wurde.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne