Atletyk

Hindernisrinnen

Atletyk is in sammelnamme foar ferskillende sporten. It begryp komt út de klassike âldheid. Doe waard út ein set mei kompetive lichemssport, lykas hurdrinne, smite en springe.

By it hurdrinnen binne der farianten lykas de estafette, hindernisrinnen en hurdkuierjen. By de mearkamp komme ferskate atletykûnderdielen op it aljemint, dyjinge dy't de measte punten by de ferskate ûnderdielen hellet is dêr de winner. Dêrneist binne der noch smytûnderdielen lykas it diskussmiten, spearsmiten en kûgelstjitten. By de springûnderdielen giet it ûnder oare om fierspringen, heechspringen en heechspringe mei pols(stôk).

De wichtichste ynternasjonale atletykorganisaasje is de International Association of Athletics Federations.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne