Berne-evangeelje fan Tomas

Berne-evangeelje fan Tomas
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk of Aldsyrysk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±150 n.Kr.

It Berne-evangeelje fan Tomas (dat net betize wurde moat mei it Evangeelje fan Tomas) is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Tomas en kin op syn ierst datearre wurde om it jier 80 hinne, hoewol't de measte saakkundingen it deroer iens binne dat it út 'e midden oant 'e ein fan 'e twadde iuw stamje moat. Sa't de titel al seit, is it in berne-evangeelje, in tekst dy't djipper yngiet op 'e ferhalen oer de bernetiid fan Jezus fan Nazaret, sa't dy yn it kanonike Evangeelje fan Lukas oanhelle wurde. It is ûndúdlik oft it Berne-evangeelje fan Tomas oarspronklik yn it Gryksk of it Syrysk skreaun wie, mei't de ierste Gryksktalige hânskriften pas út 'e trettjinde iuw datearje, wylst de ierste manuskripten in tige ferkoarte Syrysktalige ferzje út 'e sechsde iuw en in Latynske palimpsest út 'e fyfde of sechsde iuw binne.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne