Britske Ryk

It Britske Ryk yn 1921

It Britske Ryk wie in wrâldmacht dy't gebieten oer de gânse wrâld ûnder Britsk regear hie. It ryk wie it grutste ryk yn de skiednis. Op har hichtepunt, yn it begjin fan de 20e iuw stie 25% fan de wrâld ûnder Britsk regear, dêr't 500 miljoen minsken ûnder foelen.

It Britske Ryk waard gearfoege yn 300 jier útwreiding troch hannel, kolonisaasje en anneksaasje. It Ryk omfieme gebieten op alle kontininten en yn alle oseanen. It berikte har hichtepunt tusken 1890 en 1910 wat macht oanbelanget, en om 1921 mei in oerflakte fan hast 37 miljoen km², sawat in fearn fan de wrâld.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne