Deastraf

In kaart fan de wrâld mei dêr op de lannen dêr't de deastraf wol en net útfierd wurdt.

De deastraf is de wettige terjochtstelling fan in minske as swierste straf foar in misdied. Yn in soad lannen, bygelyks yn de Feriene Steaten, Sina en Yndoneezje, wurdt de deastraf útfierd.

Der is in soad te dwaan om de deastraf. Mei it humanisme waard de deastraf yn Jeropa hieltyd kritysker folge. It hat laat ta it ôfskaffen fan dizze straf yn in protte Westerske lannen; yn Jeropa komt de deastraf hast hielendal net mear foar.

Foar it útfieren fan de deastraf wurdt in ferskaat oan metoaden brûkt. Neffens Amnesty International wurdt der it meast brûk makke fan de deadlike ynjeksje, de elektryske stoel, de gaskeamer, it fjoerwapen, ophingjen, ûnthaadzjen en stiennigjen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne