Fideospultsje

Kompjûterspultsje 'Free Orion'

In fideospultsje is in spultsje wêrby't de brûker/spiler ynteraktyf belutsen is mei in betsjinningsbakje dêr't in fisuële ynteraksje op in fideoskerm mei kreëarre wurdt. As dêrfoar in spulkompjûter of de persoanlike kompjûter brûkt wurdt, sprekt men faak fan in kompjûterspultsje. In soad fideospullen kinne lykwols mei de betsjinningsconsole op 'e tillefyzje oansletten wurde, en dan is men in kompjûter net nedich. Tsjintwurdich binne der ek almar mear tapassings foar PDA's, mobile tillefoans en draachbere spulkompjûters.

By nije kommersjele spullen wurdt de klam hyltyd mear lein op 'e fisuele belibbing fan it spultsje. Microsoft (mei de Xbox) en Sony (mei it Playstation) binne wiidferneamd op dat mêd. By oare spullen leit de klam op it spyljen sels (gameplay) en de ynnovaasje. Nintendo leit tsjintwurdich de klam op 'e ynnovaasje mei de produksje fan de Wii en Nintendo DS, eartiids wie ek Sega dêr ferneamd om.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne