Frysk

Frysk
algemien
oare namme(n) Westerlauwersk Frysk
eigen namme Frysk
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 600.000 (2004)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
dialekten Wâldfrysk, Klaaifrysk, Noardhoeksk,
Súdwesthoeksk, Hylpersk, Aastersk,
Skylgersk, Skiermûntseagersk,
Molkwardersk
taalstatus
offisjele status Nederlân:
  ● Fryslân
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân
taalkoades
ISO 639-1 fy
ISO 639-2 fry
ISO 639-3 fry
De lokaasje fan it Westerlauwersk Fryske taalgebiet yn Nederlân.

It Frysk is de lânseigen taal dy't fan âlds sprutsen wurdt troch de Westerlauwerske Friezen, yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch de Nederlânske provinsje Fryslân. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan it Nederlânsk. It Frysk heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen, en foarmet dêrbinnen de Fryske taalgroep mei it yn Dútslân sprutsen Noardfrysk en Sealterfrysk. Yn akademyske fermiddens wurdt it Frysk faak fan Westerlauwersk Frysk neamd, om it fan 'e oare Fryske talen te ûnderskieden. Yn it bûtenlân wurdt ornaris fan "Westfrysk" sprutsen, mar yn Nederlân is dat de oantsjutting foar in Hollânsk dialekt mei in Frysk substraat, út 'e Kop fan Noard-Hollân.

Mei sa'n 600.000 sprekkers is it Frysk fierwei de grutste fan 'e trije Fryske talen, en foarmet in middenmoater as men nei alle Jeropeeske talen sjocht. Histoarysk is it Frysk fuortkommen út it Aldfrysk, dat him fia it Midfrysk ta it Nijfrysk ûntwikkele hat. It moderne Frysk falt útinoar yn in fjouwertal grutte dialekten dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e Waadeilannen en yn it lang tige isolearre havenstedsje Hylpen. Fral it Hylpersk en it Skiermûntseagersk binne wat argaysker as de oare Fryske dialekten. De Fryske standerttaal is lykwols fierhinne basearre op 'e beide grutte dialekten fan it Klaaifrysk en it Wâldfrysk. Op 't heden wurdt it Frysk op al mar mear maatskiplike terreinen brûkt, en nettsjinsteande ûnheilsprofeten dy't it al withoelang om it hoartsje krektoarsom foarsizze, liket it der net op dat it foarearst útstjerre sil.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne