Full Metal Jacket

Full Metal Jacket
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Stanley Kubrick
produsint Stanley Kubrick
senario Stanley Kubrick
Michael Herr
Gustav Hasford
basearre op The Short-Timers
   fan Gustav Hasford
kamerarezjy Douglas Milsome
muzyk Abigail Mead
filmstudio Natant
Harrier Films
distribúsje Warner Bros. (Feriene Steaten)
Columbia-Cannon-Warner
   Distributors
(Feriene Keninkryk)
spilers
haadrollen Matthew Modine
R. Lee Ermey
byrollen Vincent D'Onofrio
Arliss Howard
Adam Baldwin
Kevyn Major Howard
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 17 juny 1987
foarm langspylfilm
sjenre anty-oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Fjetnameesk)
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $16,5–30 miljoen
opbringst $120 miljoen

Full Metal Jacket is in Amerikaansk-Britske anty-oarlochsfilm út 1987 ûnder rezjy fan Stanley Kubrick, mei yn 'e haadrollen Matthew Modine en R. Lee Ermey. De film is basearre op 'e roman The Short-Timers, fan Gustav Hasford. De titel ferwiisd nei in type kûgel mei in patroan dat folslein fan metaal is. It ferhaal folget J.T. "Joker" Davis, in rekrút fan it Amerikaanske Marinierskorps, by syn training ûnder de ûnmeilydsume sersjant-ynstrukteur Hartman en letter by syn útstjoering nei Súd-Fjetnam yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch. Full Metal Jacket krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en waard nominearre foar de Oscar foar bêste adaptearre senario. Yn 'e bioskopen wie de film boppedat ek in kommersjeel súkses.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne