Hillige

Yn 'e tradisjonele kristlike ikonografy waarden hilligen ôfbylde mei strielekrânsen om 'e holle hinne, lykas op dizze werjefte fan it Lêste Jûnsmiel. (Merk op dat de ferrieder Judas Iskariot de iennichste is dy't gjin strielekrâns hat.)

In hillige is persoan dy't rûnom bekenstiet om syn bûtengewoane graad fan 'hillichheid', oftewol likenis mei God of de goaden. Alde, yn ûnbrûk rekke Fryske synonimen binne sant foar in manlike hillige en santinne foar in froulike hillige. Hoewol't de oantsjutting 'hillige' yn 'e regel assosjearre wurdt mei de roomsk-katolike, anglikaanske, eastersk-otterdokse en/of oriïntaalsk-otterdokse streamings fan it kristendom, brûke godstsjinsthistoarisy dyselde term no ek yn in bredere sin foar it soarte fan 'hillichheid' dat ek oare religyen oan beskate persoanen taskriuwe. Sadwaande wurde de tzadiks fan it joadendom, de mu'min fan 'e islaam, de rishi fan it hindoeïsme, de bodhisattva fan it boedisme en de goeroes fan it sikhisme no allegear wol oantsjut as hilligen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne