Hjitteweach

In hjitteweach is in perioade dy 't karakterisearre wurdt troch útsûnderlik hege temperatueren. Wat der krekt ûnder in hjitteweach ferstien wurdt, hinget sterk ôf fan wêr 't men op ierde is. It KNMI hantearret de neikommende offisjele definysje: op syn minst fiif dagen efterinoar dêr't de maksimumtemperatuer 25,0°C of mear bedraacht (simmerske dagen); wêrby't op syn minst op trije dagen de maksimumtemperatuer 30,0°C of mear bedraacht (tropyske dagen). Dizze temperatueren wurde op oardel meter boppe it meanfjild metten yn in saneamde waarhutte. Der steane op it stuit (2022) fjouwer offisjele KNMI-waarstasjons yn Fryslân dêr't ek de temperatuer metten wurd. Ljouwert (1951), Flylân (1980), Starum (1990),en Skylge (1994).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne