Holokaust

It haadgebou fan ferneatigingskamp Auschwitz
Kaart mei kampen, getto's en transportrûtes
Getto's yn Jeropa

De Holokaust (ôflaat fan it Grykske ὁλόκαυστον holókauston, 'folslein ferbaarnd') of Shoah (ek Shoa of Sjoa; Hebriuwsk: שואה Ha-Shoah, "katastrôfe") is in begryp dat brûkt wurdt foar de genoside op 'e likernôch seis miljoen Jeropeeske Joaden dy't yn de Twadde Wrâldkriich ombrocht binne, troch it stribjen fan de nazys om harren as etnyske groep út te rûgjen. It beslút ta de saneamde Endlösing ("einoplossing") fan wat de nazys as it "Joadske probleem" seagen, waard nommen op de Wannseekonferinsje yn 1942. Ek oare groepen, lykas de Roma (Sigeuners), leden fan Slavyske folken, homo's, Jehova's Tsjûgen, frijmitselders, geastlik beheinden, lichaamlik beheinden en politike tsjinstanners fan de nazys waarden systematysk útrûge, mar de moard op dy groepen wurdt strikt nommen net ta de Holokaust rekkene.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne