In Komeedzje Fol Fersinnen

In Komeedzje Fol Fersinnen
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2007 yn 'e mande mei de oersettings fan Leafde's Lêst Net Leanne en De Twa Eallju fan Verona werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF.
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2007 yn 'e mande mei de oersettings fan Leafde's Lêst Net Leanne en De Twa Eallju fan Verona werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF.
algemiene gegevens
oarspr. titel The Comedy of Errors
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun ±1589-95
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel In Komeedzje Fol Fersinnen
publikaasje 1956, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

In Komeedzje Fol Fersinnen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Comedy of Errors, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is ien fan syn ierste en teffens kluchtichste stikken, dêr't in grut part fan 'e humor yn fersoarge wurdt troch slapstick en fersin fan identiteit. The Comedy of Errors fertelt it ferhaal fan twa pear ieneiïge twillingen dy't koart nei har berte ûnbedoeld útinoar helle binne. As it iene pear tafalligerwize it wenplak fan it oare pear besiket en dêr yn kontakt komt mei famylje en goekunde fan dat oare pear, liedt dat ta in rige wylde fersinnen dy't útrinne op mear as ien ferkeard útdield wan bruien, in mei in skamper ôfrûne ferlieding, in foute arrestaasje en falske beskuldigings fan ûntrou, stellerij, sljochtsinnigens en demoanyske besettenens. Men is fan tinken dat de komeedzje skreaun wêze moat yn 'e perioade 1589-1595. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma datearret fan 1956, en waard yn 2007 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer, yn ien bân mei twa oare komeedzjes fan Shakespeare.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne