James Woodforde

James Woodforde op in portret fan syn neef, de keunstskilder Samuel Woodforde

James Woodforde (Ansford, 27 juny 1740Weston Longville, 1803) wie in Ingelsk geastlike yn de Anglikaanske Tsjerke dy't namme makke hat as deiboekskriuwer. Syn deiboek omfiemet in tiidrek fan benei 45 jier, nammentlik fan 1758 oant 1802.

James Woodforde wie de twadde soan fan Samuel Woodforde, de dûmy fan Ansford (Somerset) en fan Jane Collins. Fan de seis bern wie hy ienichste dy't in public school besocht, it Winchester College, en de Universiteit fan Oxford.
Nei syn stúdzje folge er yn syn heite fuotleasten en waard ek geastlike, yn 't earstoan 10 jier as helppredikant fan syn heit. Doe't dy lêste yn 1771 stoar, slagge it James net en folgje syn heit op. Ek syn ferkearing mei Betsy White rûn op 'e non, dat hy gie werom nei Oxford. Hy sollisitearre fergees nei de funksje fan haadmaster fan Bedford School, mar 1773 krige er plak yn Weston Longville yn Norfolk, yn de omkriten fan Norwich, en yn 1776 sette hy him dêr foar fêst nei wenjen. Hy hie dêr in noflik en rêstich bestean as frijfeint mei syn nicht Nancy, dy't de hûshâlding bestjoerde, en in stikmannich betsjinners.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne