Johan Rudolph Thorbecke

Johan Rudolph Thorbecke
troch Johan Heinrich Neuman

Johan Rudolph Thorbecke (Swol, 14 jannewaris 1798De Haach, 4 juny 1872), wie in Nederlânsk liberaal steatsman, heechlearaar steatsrjocht te Gint (1825) en Leien (1831).

Nei de publikaasje fan syn 'Aanteekeningen op de Grondwet' (1839) waard hy foarman fan de liberalen. Yn 1840 waard Thorbecke beneamd ta lid fan de Dûbele Keamer ta wersjenning fan de grûnwet. Yn 1844 tsjinne hy mei acht oare liberalen de saneamde Njoggenmannen, in foarstel ta grûnwetswersjenning yn, dat lykwols fersmiten waard yn 1845, wêrnei't Thorbecke net werkeazen waard. Yn 1848 waard hy foarsitter fan de troch kening Willem II ynstelde kommisje ta wersjenning fan de grûnwet. It ûntwerp hjirfoar waard yn 1848 oankundige en ôfkundige. Fan 1849 oant 1853, fan 1862 oant 1866 en fan 1871 oant 1872 late Thorbecke eigen kabinetten. Yn dizze perioades kamen wichtige wetten ta stân, ûnder mear de Provinsjale wet, Gemeentewet, Kieswet, Postwet, Telegraafwet, Enkêtewetten, Unteigeningswetten, Jacht- en fiskerijwetten, Belestingwetten, Skipfeartwetten en ek de wet ta ôfskaffing fan de slavernij yn West-Ynje, wet op it middelber ûnderwiis, wetten op it graven fan it Noardseekanaal en de Nije Wetterwei.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne