Johan Winkler

Johan Winkler
persoanlike bysûnderheden
fakgebiet genêskunde, ethnology[*], taalkunde, Sjoernalist[*], nammekunde
berop skriuwer, dokter, ethnologist[*], taalkundige[*], sjoernalist
lân Keninkryk fan de Nederlannen
geslacht man
berne 12 septimber 1840
berteplak Ljouwert
stoarn 11 maart 1916
stjerplak Haarlim
famylje
troud mei Andrieske Tjallings Römer[*]
bern Andries J. Winkler[*]
Fers foar Johan Winkler fan Guido Gezelle, nijjier 1891: 'Hoe graech ik jo ris sprekke woe,' opnommen yn Forjit my net 1902, nûmer 5, mei in ferhaal oer Guido Gezelle troch Johan Winkler út Haarlim

Johan Winkler (Ljouwert, 12 septimber 1840 - Haarlim, 11 maart 1916) wie in dokter, sjoernalist en publisist op it mêd fan Fryske taal en Fryske skiednis.

Winkler waard berne yn 1840 as jongste fan sân bern. Winkler arbeide as dokter yn Ljouwert fan 1865 oant 1875. Ferfear doe nei Haarlim, dêr't syn âldste broer Tiberius konservator fan it Teylers Museum wie. Dêr wije er him oan taalkundige-, âldheidkundige- en folkloaristyske stúdzjes. Hy hat him ek dwaande holden mei it Oera Linda Boek en mei stúdzje fan geslachts- en eigennammen. Winkler wie in pleiter foar it behâld fan it 'Aldfrysk karakter'.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne