Karel van het Reve | ||
skriuwer | ||
Karel van het Reve (1982) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karel van het Reve | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 maaie 1921 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 4 maart 1999 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | kollumns, romans | |
bekendste wurk(en) |
Het geloof der kameraden (1969), Met twee potten pindakaas naar Moskou (1970), De ongelooflijke slechtheid van het opperwezen (1987) | |
útjouwer | G.A. van Oorschot | |
jierren aktyf | 1954-1996 |
Karel van het Reve (Amsterdam, 19 maaie 1921 — dêre, 4 maart 1999) wie in Nederlânsk letterkundige, oersetter, essayist, skriuwer en kollumnist. Van het Reve skreau ek ûnder it pseudonym Henk Broekhuis. Fan 1957 oant 1983 wie er heechlearaar Slavyske letterkunde oan de Ryksuniversiteit Leien.
Hy is de soan fan Gerard van het Reve (senior), dy't skreau ûnder it pseudonym fan Gerard Vanter, en âldere broer fan de bekende skriuwer Gerard Reve. Hy is de pake fan de skriuwer Jonathan van het Reve en de skoanheit fan syn mem, Ileen Montijn.
Karel van het Reve is grutbrocht mei it Kommunisme, mar as adolesint ferlear er syn 'leauwe' en waard er in aktive kritikus en tsjinstanner fan it Sovjet rezjym. Mei syn help koe it wurk fan Andrej Amalrik yn it Westen útjûn wurde. De troch him oprjochte Alexander Herzen Stifting hie as doel it útjaan fan dissidinte Sovjet literatuer.
In grutte fertsjinste fan Van het Reve hat de ynspiraasje foar syn studinten Slavistyk west. Mei harren hat er in soad Russyske literatuer oerset en allinnich hat er in protte wurk fersetten foar de Russyske Bibleteek fan Utjouwerij Van Oorschot. In wichtich part fan de Russysk-Nederlânsk oersetters is troch him oplaat. De skriuwers Maarten Biesheuvel en Maarten 't Hart hawwe ek kolleezje by him folge.
Syn bekendste fakpublikaasje is 'De skiednis fan de Russyske literatuer'. It is in tige lêsber boek troch it ferhalend karakter en de anekdotyk. It lêste kaam him op krityk te stean fan syn fakbruorren.
Fierders wurdt Van het Reve as in betûft essayist beskôge mei niget oan in grut ferskaat fan saken.