Lyk om Lyk

Lyk om Lyk
algemiene gegevens
oarspr. titel Measure for Measure
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1603 of 1604
1e publikaasje 1623, Londen
1e opfiering uterlik 1604
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Lyk om Lyk
publikaasje 1962, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Lyk om Lyk, yn it oarspronklike Ingelsk: Measure for Measure, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje (al is de toan wat swiersettich foar dat sjenre) dy't it ferhaal fertelt oer de jongeman Claudio, dy't sûnder reden troch in skynhillige rjochter ta de dea feroardiele wurdt. It stik giet oer rjocht en rjochtfeardigens en oer strangens en genede, en kin gearfet wurde mei it sitaat "Some rise by sin, and some by virtue fall" (frij fertaald: "Guon meitsje karriêre troch sûndigens, wylst oaren der troch deugdsumens ûnder strûpe"). Lyk om Lyk moat skreaun wêze yn 1603 of 1604, en waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne