MI6

MI6
algemiene ynformaasje
namme folút Secret Intelligence Service
ôfkoarting SIS
lân Britsk
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1909
falt ûnder Min. fan Bûtenlânske Saken
fuortk. út Secret Service Bureau
doel terrorismebestriding
● bestriding fan 'e fersprieding
   fan nukleêre wapens
cyberbefeiliging
wurknimmers 2.594 (31 mrt 2016)
jierliks budget £3,02 miljard* (2017-2018)
offisjele webside
sis.gov.uk

MI6 (Ingelske útspr. [emaːi̭ˈsɪks], likernôch: "em-aai-siks"), formeel eins de Secret Intelligence Service ("Geheime Ynljochtingetsjinst"), ôfkoarte ta SIS, is de bûtenlânske geheime tsjinst fan it Feriene Keninkryk. De tsjinst ûntstie yn 1909 as in seksje fan it Secret Service Bureau en makke yn 'e Earste Wrâldoarloch in dramatyske groei troch. Om 1920 hinne waard de hjoeddeistige offisjele namme oannommen; de bynamme MI6 (mei as betsjutting: Military Intelligence, Section 6) ûntstie yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't de SIS ferskate falske en misliedende nammen brûkte by wize fan dekmantel foar geheime operaasjes tsjin nazy-Dútslân. 'MI6' bleau lykwols stykjen en waard neitiid sa bekend dat de wiere namme fan 'e organisaasje alhiel ûndersnijd rekke. Fiifentachtich jier lang wie it bestean fan MI6 in publyk geheim, dat net offisjeel befêstige waard. Pas yn 1994 krige de tsjinst in wetlike basis (en dêrmei in offisjeel bestean) troch de ynfiering fan 'e Intelligence Service Act 1994.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne