Molkwardersk

Molkwardersk
algemien
eigen namme Molkurders (?)
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers († foàr 1865)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Molkwardersk
dialekten gjint

It Molkwardersk wie it Fryske dialekt fan it doarp Molkwar, dat yn 'e Súdwesthoeke tusken Hylpen en Starum oan 'e Iselmarkust leit. It waard yn elts gefal sprutsen oant yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw, mar wie doe al yn it neigean rekke. Yn syn Dialecticon (publisearre yn 1874, mar mei mear as tsien jier tarieding) skreau Johan Winkler dat it Molkwardersk doe (dus om 1865 hinne) al hielendal ferdwûn wie. Tsjintwurdich sprekke de Molkwarders 'gewoan' Súdwesthoeksk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne