Nikolaas fan Myra

Nikolaas fan Myra
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 270
berteplak Patara
stjerdatum 6 desimber 343
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdoksy
hjeldei 6 desimber
attributen biskop, stêf, trije bern

Nikolaas fan Myra (mûglik likernôch 270 berne yn Patara - 6 desimber 343) wie biskop fan Myra. Syn nammedei wurdt fierd as Sinteklaas.

Der is net in soad ynformaasje bewarre bleaun oer Nikolaas fan Myra. Wat der al bekend is kin in betizing wêze mei oare hilligen mei deselde namme of is legindarysk. Dochs is Nikolaas ien fan de bekendste hilligen en Fryslân allinne telde eartiids al mear as fjirtich parochy's dy't nei de hillige ferneamd wiene.

Nikolaas wie in soan fan begoedige en strang leauwige âlden. Hy waard neamd nei syn omke dy't biskop wie, en dy't him doe't er njoggentsjin wie ta preester wijde. Sûnt 318 wied er sels ta biskop wijd. Hy soe him op it Earste Konsily fan Niseä as fûl tsjinstanner fan it Arianisme opsteld ha.

Nei syn ferstjerren waard Nikolaas begroeven yn Myra. Mei't de islamityske Seltsjoeken it lân oermasteren en syn hillichdom bedrigen, waarden syn reliken yn 1087 oerbrocht nei de Italjaanske stêd Bary, dêr't se sûnt rêste.

Sint-Nikolaas is de patroan fan Ruslân en Amsterdam en tal fan oare plakken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne