Odyssee

Odyssee
De Fryske oersetting, yn 2004 útjûn troch Steven Sterk, Utjouwer (no Utjouwerij Bornmeer).
De Fryske oersetting, yn 2004 útjûn troch
Steven Sterk, Utjouwer (no Utjouwerij Bornmeer).
algemiene gegevens
oarspr. titel Ὀδύσσεια
auteur Homêros
taal Aldgryksk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun ±850 f.Kr.
oersetting nei it Frysk
Fryske titel de Odusseia
publikaasje 2004, Utert
útjouwer Steven Sterk, Utjouwer
oersetter Klaas Bruinsma
prizen oers. dr. Obe Postmapriis 2005
ISBN oers. 9 07 37 89 087

De Odyssee, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ὀδύσσεια, Odysseia (of Odusseia), is in ier Gryksk epos dat taskreaun wurdt oan 'e grutte (en neffens de tradysje bline) skriuwer en dichter Homêros (of Homearus), dy't om 850 f.Kr. hinne libbe hawwe moat. It kin min ofte mear beskôge wurde as in ferfolch op it oare grutte dichtwurk fan Homêros, de Ilias. Saakkundigen binne it der lykwols oer iens dat de Odyssee en oare, soartgelikense wurken wierskynlik earst lange tiid mûnling oerlevere en pas letter skriftlik fêstlein binne. Dat soe dus betsjutte dat Homêros inkeld in al besteand wurk op skrift steld hat. De Odyssee bestiet út 12.110 yn daktylyske heksameters fêstleine dichtregels, dy't skreaun binne yn it saneamde Homearysk Gryksk, in literêre griemmank fan doetiidske Grykske dialekten.

It epos fertelt it ferhaal fan 'e omdoarmings fan Odysseus, de Grykske kening fan Itaka (yn Romeinske myten Ulysses neamd), dy't nei de ôfrin fan 'e Trojaanske Oarloch nei hûs reizget, mar doemd is om tsien jier lang op see om te swalkjen mei't er de seegod Poseidon tsjin him yn 't harnas jage hat. De titel is ûntliend oan 'e namme fan 'e haadpersoan. Mei de Ilias heart de Odyssee ta de âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske literatuer en hat it in grutte ynfloed útoefene op 'e Westerske kultuer; de Odyssee is ek op withoefolle manear adaptearre ta oare media, en it wurd "odyssee" is yn in grut tal Westerske talen, wêrûnder it Frysk, in epyske en suver einleaze reis kommen te betsjutten. Yn 2004 kaam der fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma in Fryske fertaling fan 'e Odyssee út.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne