Platoon (film)

Platoon
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Oliver Stone
produsint Arnold Kopelson
senario Oliver Stone
kamerarezjy Robert Richardson
muzyk Georges Delerue
filmstudio Hemdale Film Corporation
distribúsje Orion Pictures
spilers
haadrollen Charlie Sheen
Tom Berenger
Willem Dafoe
voice-over Charlie Sheen
byrollen John C. McGinley
Keith David
Forest Whitaker
Kevin Dillon
Reggie Johnson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 desimber 1986
foarm langspylfilm
sjenre oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Fjetnameesk)
spyltiid 120 minuten
budget en resultaten
budget $6,5 miljoen
opbringst $138,5 miljoen (Noard-Amearika)
prizen 4 × Oscar
3 × Golden Globe
2 × BAFTA

Platoon is in Amerikaanske oarlochsfilm út 1986 ûnder rezjy fan Oliver Stone, mei yn 'e haadrollen Charlie Sheen, Tom Berenger en Willem Dafoe. Stone skreau ek it senario foar de film, dat er basearre op syn eigen ûnderfinings as ynfanterist yn 'e Fjetnamoarloch. De titel betsjut "Peloton". It ferhaal folget Chris Taylor, in jonge rekrút fan it Amerikaanske Leger, dy't yn 1967 nei Fjetnam stjoerd wurdt. Hy bedarret dêr yn in peloton mei in luitenant dy't like grien is as hysels, en dy't it befel oan syn ûnderofsieren oerlit. As der ûnder lieding fan 'e pelotonssersjant in oarlochsmisdie begien wurdt, en Taylor syn seksjesersjant him dêrtsjin oankantet, rekket it peloton ferdield yn twa fijannige groepen. Platoon krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid, en yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Platoon waard nominearre foar acht Oscars en wûn dêrfan fjouwer, wêrûnder de Oscars foar Oscar foar Bêste Film en dy foar bêste regisseur. De film wûn ek de Golden Globe foar Bêste Film – Drama en twa oare Golden Globes, twa BAFTA's en ferskate oare prizen. Yn 2019 waard de film opnommen yn it National Film Registry.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne