Prusen

Preußen (1525-1947)
Flagge fan Prusen Wapen fan Prusen
Lokaasje fan Prusen
Taal Dútsk (offisjeel)
Haadstêd Keningsbergen (1525-1701)
Berlyn (1701–1947)
Steatsfoarm [[Hartochdom (1525-1701)
Keninkryk (1701-1918)
Frijsteat (1918-1947)]]
Tal ynwenners 41.915.040 (1939)
Oerflak 348.702 km² (1907)
297.007 km² (1939)
Tiidrek 1525 - 1947
Munt Reichsthaler (1873-1914)
Papiermark (1914-1923)
Reichsmark (fanôf 1923)

Prusen (Dútsk: Preußen, Aldprusysk: Prūsa, Poalsk: Prusy, Litousk: Prūsija, Latynsk: Prussia, Borussia of Prutenia) wie in lân dat in grutte rol yn de Jeropeeske skiednis spile hat. Prusen wie fan âlds it gebiet fan de West-Baltyske stam de Prusen, lizzend tusken Efterpommeren en Koerlân en sawat oerienkommend mei de lettere provinsjes East-Prusen en West-Prusen. It begjin fan de Prusyske steat wie winliken yn 1226 mei de Gouden Bul fan Rimini, doe't de basis lein waard fan de Dútske Oardersteat. Nei in stikmannich strideraasjes mei it Keninkryk Poalen waard West-Prusen yn 1466 as Keninklik Prusen in part fan Poalen. East-Prusen, dat winliken as in foarrinner fan it lettere Prusyske keninkryk sjoen wurde kin, wie oant 1660 in fazalsteat fan Poalen. Sûnt 1525 wie it in hartochdom ûnder lieding fan it Hûs Hohenzollern en sûnt 1618 waard it regearre yn Personele Uny mei Brandenburch. De markgreve fan Brandenburch wie ek in karfoarst en wie dus in wichtige foarst yn it Hillige Roomske Ryk. Om't de keizer stipe nedich hie fan Brandenburch mocht markgreve Frederik III himsels Kening yn Prusen neame.
Fan 1701 oant 1871 wie Prusen in keninkryk mei in kening as haad en fan 1871 oant 1918 wie it in keninkryk yn it Dútske Keizerryk, dêr't de Prusyske kening ek keizer fan Dútslân wie. Fan 1918 oant 1932 wie it in Frijsteat yn de Weimarrepublyk mei in presidint. Yn de Nazy-tiid wie Prusen winliken opheft en waarden de Prusyske provinsjes goaen fan it Tredde Ryk.
Prusen waard yn de 18e en 19e iuw in wichtich en machtich lân en wie nei de weriening fan it Dútske Ryk yn 1871 de grutste Dútske steat en besloech grutte parten fan it noarden en westen fan Dútsklân. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Prusen yn 1947 offisjeel opheft troch de Alliëarde Kontrôleried.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne