Psychology

De Grykske haadletter 'Psi' wurdt gauris brûkt as in symboal foar de psychology of de stúdzje dy't dêrnei dien wurdt.

Psychology, sielkunde, is de wittenskiplike stúdzje nei it hâlden en dragen fan minsken en de mentale prosessen dy't dêrby hearre.

Ornaris wurdt de psychology as in sosjale wittenskip kategorisearre. It ûndersyksfjild fan de psychology is lykwols breder. Ofhinklik fan it dielmêd of psychologyske perspektyf kin de psychology ek as natoerwittenskip of geastewittenskip yndield wurde. De ûndersiken dy't dien wurde drage by oan de psychologyske teoryen dy't brûkt wurde om it hâlden en dragen fan minsken better begripe te kinnen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne