Refizjonistyske western

De refizjonistyske western, ek wol anty-western neamd, is in subsjenre fan 'e westernfilm dat bestiet út films mei in plot dy't him net oan 'e tradisjonele opbou fan in westernfilm hâldt. It subsjenre giet tebek oant de iere 1960-er jierren en belibbe syn heechtijdagen fan 'e midden fan dat desennium oant en mei de earste helte fan 'e 1970-er jierren. Hjoed de dei bestiet in grut part fan 'e westernfilms dy't noch makke wurde út refizjonistyske westerns. Yn sokke films binne bgl. banditen of Yndianen de protagonisten, wylst de sheriff of de Amerikaanske kavalery de rol fan antagonist taparte kriget.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne