Reuzen (boek)

Reuzen
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Arameesk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun begjin 1e iuw f.Kr.

Reuzen, ek wol it Boek fan de Reuzen of Ogias de Reus neamd, is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Men is fan tinken dat Reuzen basearre is op it Boek fan de Skôgers, dat ûnderdiel útmakket fan it geskrift Henoch. Dat is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan 'e bibelske persoan Henoch, de oerpake fan Noäch. It Boek fan de Skôgers is sels wer basearre op in frij obskuere passaazje yn it bibelboek Genesis (Gen. 6:1-4, om persiis te wêzen), wêryn't ferhelle wurdt fan 'e fal fan guon ingels, dy't fereale rekken op minsklike froulju en by har in ras fan reuzen, de Nefilim, oansetten. De anonime skriuwer fan Reuzen liket mei syn wurk besocht te hawwen om 'e lakunes yn it Boek fan de Skôgers op te foljen mei details oer de reuzen en harren neiteam.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne