San Diego

San Diego
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County San Diego County
Sifers
Ynwennertal 1.322.553 (2012)
Oerflak 964,5 km² (ynkl. wetter)
842,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.545,4 / km²
Stêdekloft 3.095.313 (2010)
Hichte 0 – 486 m
Oar
Stifting 1769
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 32°42′54″N 117°09′45″W
Offisjele webside
www.sandiego.gov
Kaart
De lizzing fan San Diego yn San Diego County en yn 'e steat Kalifornje.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Foar oare betsjuttings, sjoch: San Diego (betsjuttingsside).

San Diego is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, likernôch 190 km besuden Los Angeles en deun tsjin 'e grins mei Meksiko oan. It is it haadplak fan it omlizzende San Diego County en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe goed 1,3 miljoen ynwenners. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Kalifornje (nei Los Angeles) en de op sân nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten. Boppedat is San Diego noch altiten ien fan 'e fluchst groeiende stêden fan it lân, en as alle foarstêden meirekkene wurde, komt it as stêdekloft út op in befolking fan mear as 3 miljoen minsken. San Diego stiet benammen bekend om syn mylde en noflike klimaat (de reden dat it ek wol America's Finest City neamd wurdt), om syn natuerlike djipwetterhaven, om 'e útstrutsen strannen dy't populêr binne ûnder surfers, en om syn langjierrige bân mei de Amerikaanske Marine.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne