Satire

In satiryske print fan James Gillray út 1806, dy't Napoleon Bonaparte sjen lit as bakker fan keningen, wylst (syn minister fan Bûtenlânske Saken) Talleyrand op 'e eftergrûn al wer nij daai oan it knetsjen is. (In grap oer it feit dat Napoleon yn hiel Jeropa keningen op 'e troan brocht, mar se ek like fluch wer ôfsette as se wat diene dat him net befoel.)

In satire is in literêr sjenre wêryn't op faak humoristyske wize troch spotternij maatskippijkrityk levere wurdt. As foarm fan poëzij wurdt satire ek oantsjut as in hikkeldicht of stikeldicht. De krityk dy't yn sokke satires besletten sit, kin de foarm oannimme fan parody, irony, sarkasme, synisme of karikatuer. Doelwiten fan satire binne faak persoanen (yn 't bysûnder politisy), mar ek tradysjes, godstsjinst, media, noarmen en wearden en trends wurde wol op dizze wize op 'e hak nommen. It doel is dêrby om dwaasheden, tekoartkommings, misbrûk en korrupsje oan 'e kaak te stellen sadat de dieders troch skamte oanset wurde ta ferbettering. Yn diktatueren waarden (en wurde) satirisy fanwegen harren krityk gauris ferfolge troch de oerheid.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne