Sherlock Holmes

Sherlock Holmes
personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje
Sherlock Holmes op in yllustraasje út 1904 fan Sidney Paget.
Sherlock Holmes op in yllustraasje út 1904
fan Sidney Paget.
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt privee-detektive
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
dokter Watson
Mycroft Holmes
ynspekteur Lestrade
Irene Adler
professor Moriarty
attributen piip
deerstalker (pet mei 2
   kleppen, foar en efter)

fergrutglês
fioel
geastlike heit sir Arthur Conan Doyle
ûntstean 1887
Dizze side giet oer it fiktive personaazje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sherlock Holmes (betsjuttingsside).

Sherlock Holmes (útspr.: [ˈʃɜː(ɹ)lɔk ˈhoʊmz], likernôch "sjuh(r)-lok hoomz") is in wiidferneamd fiktyf privee-detektive út 'e koarte ferhalen en in hantsjefol romans fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. Yn 'e ferhalen ferwiist Holmes nei himsels as in "riejaand detektive". Hy stiet bekend om in suver wol ensyklopedyske kennis en in talint foar waarnimming, forinsyske wittenskip en logyske riddenearring dy't grinzget oan it fantastyske. Mei dokter Watson as syn selskipsman, hantlanger en biograaf docht er foar partikuliere kliïnten en de Londenske plysje fan Scotland Yard ûndersyk nei moarden en oare misdriuwen dy't gjin oar oplosse kin. Sherlock Holmes waard nei syn yntroduksje yn 1887 alderraarst sa populêr. Doe't Doyle syn protagonist yn 1893 stjerre liet, late dat ta sa'n algemiene en oanhâldende ûntsteltenis ûnder de lêzers dat er min ofte mear twongen waard om Holmes yn 1901 wer nij libben yn te blazen. Yn 'e tweintichste iuw waarden withoefolle films, tillefyzjesearjes en adaptaasjes ta oer media oer Sherlock Holmes makke, mei't de populariteit fan it personaazje nea belune. Tsjintwurdich wurdt yn 'e Westerske popkultuer immen dy't foar de hân lizzende dingen seit as bringt er grut nijs wol op sarkastyske wize mei "Sherlock" oansprutsen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne