Syrysk-Otterdokse Tsjerke

Syrysk-Otterdokse Tsjerke
It kleaster Mor Mattai, by Mosûl, yn Irak.
It kleaster Mor Mattai, by Mosûl, yn Irak.
algemiene ynformaasje
off. namme Syryske Otterdokse Tsjerke fan
   Antiochië
stifting ±35 n.Kr.
ûnôfhinklik 451 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke)
erkenning 1984 (Roomsk-Katolike Tsjerke)
titel primaat patriarch fan Antiochië en
   Hiel it Easten
sit primaat Damaskus (Syrje)
fierdere bysûnderheden
streaming oriïntaalsk-otterdoksy
tsjerketaal Syrysk
ledetal 1.430.000 (neffens de WCC)
3.430.000 (ynkl. Jakobityske Tsjerke)
webside syrian-othodox.com

De Syrysk-Otterdokse Tsjerke, folút: de Syryske Otterdokse Tsjerke fan Antiochië (Syrysk: ܥܕܬܐ ܣܘܪܝܝܬܐ ܬܪܝܨܬ ܫܘܒܚܐ ܕܐܢܛܝܘܟܝܐ, ʿĪdto Suryoyto Triṣaṯ Šuḇḥo d-Anṭiuḵiya), is in kristlike tsjerke fan oriïntaalsk-otterdokse synjatuer. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Antiochië en Hiel it Easten, waans sit (sa't syn titel al oantsjut) histoarysk yn Antiochië wie, mar dy't hjoed de dei yn 'e Syryske haadstêd Damaskus residearret. De Syrysk-Otterdokse Tsjerke brûkt it Syrysk, in deade taal dy't nau besibbe is oan it Arameesk, as tsjerketaal. De bibelske kanon fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke giet werom op 'e âlde bibeloersetting yn it Syrysk, de Peshitta.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne