Tekenteltsje

Little Sammy Sneeze (1904-06) troch Winsor McCay
Smoarge Piter - Fryske oersetting fan de "Struwwelpeter"
Robin Hood yn it Sealterfrysk

In tekentelsje of byldferhaal is in ferhaal dat foarme wurdt troch in rige ôfbyldings mei tekst derby. Dy tekst kin ûnder, boppe of njonken de plaatsjes pleatst wêze. In stripferhaal of koartwei strip is tekenteltsje mei rigen (stripen) ôfbyldings wêrby't de tekst folslein yn 'e tekenings sels opnommen is. It ferhaal wurdt dêrby foar it measte part foarme troch direkte sitaten fan 'e tekene personaazjes, dy't yn saneamde tekstballonnen pleatst binne. In tekstballon is in lyts ramt mei in floeiende omlining dat yn 'e regel boppe de personaazjes tekene is, mei in útstykjend puntsje nei it personaazje ta dy't de werjûne tekst útsprekt.

Tekenteltsjes binne ien fan 'e âldste foarmen fan tekstoerlevering. In tekentelsje wurdt makke troch in striptekener en in senarist. Somtiids skriuwt de tekener it ferhaal (senario) ek sels en somtiids dogge der mear as ien persoan mei oan it tekenwurk (sketsen, inketsjen, beletterjen) of oan it ferhaal mei. Yn it Ingelsk hjit in strip in comic. In bekende Japanske foarm fan stripferhalen binne manga.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne