Teology

Teology betsjut letterlik godslear. 'Teos' is Gryksk foar 'God'; 'logos' is 'lear,' 'kennis' of 'ferhanneling'. It wurd teology komt út de kristlike tradysje en wurdt foaral brûkt foar de (stúdzje fan) de ynhâld fan it kristlike leauwen. It waard hieltyd mear neamd yn de 12e iuw om it ferskil oan te jaan mei de filosofy. De teology sprekt út it hert, de filosofy fanút de rede.

De teology bestudearret de boarnen fan it leauwen (bibelske teology, histoaryske teology), de systematyske analyze fan it leauwen (systematyske teology) en hâldt har dwaande mei it leauwen sels (praktyske teology). Ta de teology hearre dêrom ek de bredere stúdzje fan alle godstsjinstige of religieuze ûnderwerpen. Meastal wurdt teology apart beskôge fan de godstsjinstwittenskip.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne