Testamint fan Abraham

Testamint fan Abraham
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ein 1e iuw f.Kr. – begjin 1e iuw n.Kr.

It Testamint fan Abraham is in religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It wurdt as kanonyk beskôge troch de Falasja's, de Joadske minderheid fan Etioopje (dy't tsjintwurdich frijwol hielendal yn Israel wennet), mar alle oare streamings binnen sawol it joadendom as it kristendom sjogge it as apokryf. It Testamint fan Abraham giet oer de aartsfaar Abraham, en wurdt gauris behannele as in ûnderdiel fan in soarte fan trilogy mei as de oare beide dielen it Testamint fan Izaäk en it Testamint fan Jakob, mar der bestiet gjin reden om oan te nimmen dat de anonime skriuwer fan it Testamint fan Abraham ek ferantwurdlik wie foar dy beide oare geskriften. It Testamint fan Abraham moat foar 't neist datearre wurde tusken de ein fan 'e earste iuw f.Kr. en it begjin fan 'e earste iuw n.Kr. De auteur wie nei alle gedachten in Aleksandrynske joad dy't it boek yn it Gryksk skreau.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne