The Water Diviner

The Water Diviner
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Russell Crowe
produsint Troy Lum
Andrew Mason
Keith Rodger
senario Andrew Anastasios
Andrew Knight
basearre op wiere foarfallen / boek (sjoch ynl.)
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk David Hirschfelder
filmstudio RatPac Entertainment
Icon Productions
Hopscotch Features
Fear of God Films
distribúsje Entertainment One Films (Austr.,
   Jeropa en Kanada)

Universal Pictures Australia (Austr.)
Warner Bros. (Feriene Steaten)
spilers
haadrollen Russell Crowe
Olga Kurylenko
byrollen Dylan Georgiades
Yılmaz Erdoğan
Cem Yılmaz
Jai Courtney
Steve Bastoni
Ryan Corr
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
Feriene Steaten
premiêre 2 desimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske romantyske dramafilm
taal Ingelsk
Turksk
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget $22,5 miljoen
opbringst $38,2 miljoen
prizen AACTA Award

The Water Diviner is in Australysk-Amerikaanske histoaryske romantyske dramafilm en anty-oarlochsfilm út 2014 ûnder rezjy fan 'e Australyske akteur Russel Crowe, mei yn 'e haadrollen Crowe sels en de Oekraynske aktrise Olga Kurylenko. De titel betsjut: "De Wettersiker" (d.w.s. ien dy't mei in wichelroede rint om wetter te finen). It ferhaal, folget in Australyske heit waans trije soannen yn 'e Earste Wrâldoarloch oan it front yn Jeropa fjochtsje. As se net weromkeare, reizget er sels de heale wrâld rûn om harren te sykjen. De film is loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Andrew Anastasios en dr. Meaghan Wilson-Anastasios. Dat boek wie wer basearre op ien regel út in brief fan in Alliëarde ofsier. The Water Diviner krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, wêrby't de measte krityk útgie nei it feit dat de Armeenske Genoside en de Pontysk-Grykske Genoside der net ien kear yn neamd wurde.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne