Ynferno (roman)

Ynferno
algemiene gegevens
oarspr. titel Inferno
auteur Dan Brown
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre skriller
1e publikaasje 2013, New York
oarspr. útjwr. Doubleday
rige
rige Robert Langdon-searje
● foarich diel The Lost Symbol
● folgjend diel noch net skreaun
kodearring
ISBN 978-0 38 55 37 858
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ynferno
publikaasje 2013, Amsterdam
útjouwer Utjouwerij Luitingh-Sijthoff
oersetter Abe de Vries
ISBN oers. 978-9 02 45 64 088

Ynferno, yn it oarspronklike Ingelsk: Inferno, is in roman fan 'e hân fan 'e tige súksesfolle Amerikaanske skriuwer Dan Brown (1964). It is in skriller yn 'e foarm fan in detektiveferhaal mei yn 'e haadrol Robert Langdon, in heechlearaar keunstskiednis en symbolyk, dy't ek al de haadpersoan wie yn Brown syn eardere boeken Angels & Demons (2000), The Da Vinci Code (2003) en The Lost Symbol (2009). Diskear wurdt Langdon wekker yn in sikehûs yn it Italjaanske Florâns, sûnder dat er in idee hat hoe't er dêr bedarre is. As er op 'e sneup giet om antwurden te krijen, komt er yn in dûzeljend aventoer telâne. Krekt as Brown syn foargeande boeken wie ek Inferno wer in daverjend súkses, en kaam it binnen de koartste kearen boppe-oan op 'e ynternasjonale bestsellerlisten te stean. It waard op 14 maaie 2013 tagelyk yn it Ingelsk en it Nederlânsk (en oare talen) publisearre. Utjouwerij Luitingh-Sijthoff naam it inisjatyf om in Fryske oersetting op 'e merk te bringen, makke troch Abe de vries, dy't ein 2013 ferskynde.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne