Mei de term jazz (dzjêz) wurdt in op ymprovisaasje basearre muzykstyl bedoeld dy't ûntstien is yn New Orleans út in krúsbestowing fan folk, blues, negro spirituals, ragtime, en klassike muzyk. (It wurd jazz hat dêrby ek noch de bybetsjutting: hiel enerzjike dûns.)