Kromme Noas | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Vóhko’xénéhe | |
oare namme | Roman Nose, Woqini | |
berne | ±1823 | |
berteplak | ? | |
stoarn | 17 septimber 1868 | |
stjerplak | by Wray (Kolorado) | |
etnisiteit | Noardlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | kriger | |
jierren aktyf | ±1840 – 1868 | |
reden bekendheid |
mooglik it ynfloedrykste lid fan 'e Hûnskrigers |
Kromme Noas (Sjajinsk: Vóhko’xénéhe, útspr.: [vohkoʔxɪnɪhɪ] (eins "heaknoas"); Ingelske oersetting: Roman Nose; ek wol Woqini neamd; ±1823 – by Wray (Kolorado), 17 septimber 1868) wie in man fan 'e Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie mooglik de grutste en ynfloedrykste Yndiaanske kriger út 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er jierren. Hy moat net betize wurde mei it lettere Súdlike Sjajinne-opperhaad Henry Roman Nose, noch mei de Minnikonzjû-Lakota-lieder dy't ek fan Kromme Noas neamd waard.