Lytse Wolf

Lytse Wolf
Lytse Wolf yn 1868 Fotograaf: Alexander Gardner
Lytse Wolf yn 1868
Fotograaf: Alexander Gardner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ó’kôhómôxháahketa
oare namme Little Wolf, Little Coyote
berne ±1820
berteplak ? (Montana)
stoarn 1904
stjerplak yn it Noardlike Sjajinne
Reservaat
(Montana)
etnisiteit Noardlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Noardlike Sjajinnen
jierren aktyf ±18451904

Lytse Wolf (Sjajinsk: Ó’kôhómôxháahketa, útspr.: [oʔkohomoxha:hkɪta]; tradisjonele Ingelske oersetting: Little Wolf; Montana, ±1820 – yn it Noardlike Sjajinne Reservaat (Montana), 1904) wie in opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen, (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Syn namme soe eins krekter oerset wurde kinne as Lytse Coyote (Ingelsk: Little Coyote). Hy stie bekend as in grut militêr taktikus, en joech yn 1878 mei Stomp Mês lieding oan 'e saneamde Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen, in dramatysk besykjen fan syn folk om te ûntsnappen út it reservaat dat harren tawiisd wie.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne