Suzan Shown Harjo

Suzan Shown Harjo
persoanlike bysûnderheden
echte namme Suzan Shown Harjo
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 juny 1945
berteplak El Reno (Oklahoma)
etnisiteit Muskogy-Kriik
Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt minskerjochte-aktiviste
aktyf as dichteresse, publisiste
jierren aktyf 1967 – no
prizen Pres. Frijheidsmedalje 2014

Suzan Shown Harjo (berne as: Suzan Shown; El Reno (Oklahoma), 2 juny 1945) is in Amerikaansk Yndiaansk minskerjochte-aktiviste, publisiste en dichteresse fan mingd Muskogy-Kriik en Súdlik Sjajinsk etnysk komôf. Yn 'e 1960-er jierren wie hja ko-produsinte fan it earste nijsprogramma op 'e Amerikaanske radio dat him rjochte op Yndiaanske kwestjes. Ein sechtiger, begjin santiger jierren wie se yn New York behelle yn it meitsjen fan toaniel.

Fan 1974 ôf lei Harjo har ta op polityk aktivisme, wêrby't se û.m. foarsitter fan it Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen (NCAI) wie en tagelyk har eigen organisaasje, it Morning Star Institute, oprjochte. Mei har krewearjen hat Harjo der û.m. foar soarge 4.000 km² lân oan 'e Yndianen weromjûn waard, en dat it auteursrjocht op it oanstjitjaande logo fan it Amerikaansk fuotbaltiim de Washington Redskins ynlutsen waard. Yn 2014 waard oan har de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend, de heechste Amerikaanske ûnderskieding foar boargers.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne