Eduard Douwes Dekker

Eduard Douwes Dekker
skriuwer
Eduard Douwes Dekker, Multatuli
Eduard Douwes Dekker, Multatuli
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eduard Douwes Dekker
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 maart 1820
stoarn 19 febrewaris 1887 (66 jier)
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Ferhalen, parabellen, aforismen
bekendste
  wurk(en)
Max Havelaar
jierren aktyf 1859-1876
offisjele webside
Profyl yn de DBNL

Eduard Douwes Dekker (Amsterdam, 2 maart 1820 - Nieder-Ingelheim, 19 febrewaris 1887) wie in Nederlânsk skriuwer en frijmitselder, skûlnamme Multatuli (= ik haw in soad lijen hân). Syn roman Max Havelaar of de koffiveilingen der Nederlandsche Handelmaatschappy wurdt troch in soad minsken as it bêste Nederlânske boek fan 'e 19e iuw beskôge. Hy hat ek toanielstikken, pamfletten (somtiids yn brieffoarm) en aforismen.

Douwes Dekker groeide op yn Amsterdam en teach yn 1838 mei syn heit nei Batavia yn Nederlânsk-Ynje (it tsjintwurdige Yndonesië), dêr't er yn 1839 in baan as amtner krige. Dêr seach er al de wantastannen ûnder ferantwurdlikens fan it Nederlânske koloniaal bewâld.

Syn debútroman, de ramtroman Max Havelaar, hikkelet op basis fan syn eigen ûnderfiningen de behanneling fan de ynlânske befolking troch Nederlânske en Nederlânsk-Yndyske bestjoerders. De fan 1862 oant 1877 ferskynde sân bondels mei 1282 nûmere Ideen befetsje foar it meastepart essayistyske aforismen, mar ek de roman Woutertje Pieterse en it toanielstik Vorstenschool binne yn dy samling te finen.

Sawol de persoanlikheid as de skriuwstyl fan Douwes Dekker hie grutte ynfloed op wichtige skriuwers út generaasjes nei him, ûnder oaren de Tachtigers, Nescio, Willem Elsschot, E. du Perron, Hermans en Karel van het Reve. Ynternasjonaal waard er ek lêzen, mei bekendheid yn Yndonesië en de Sovjet-Uny, mar foaral yn Dútslân: in soad wurk fan him waard yn it Dútsk oerset om 1900-1910 hinne en dat wie in boarne fan ynspiraasje foar de feministyske beweging dêre. Karl Marx en Sigmund Freud wurdearren him, en besochten him sels yn it Hollânsk te lêzen.

Yn juny 2002 waard Max Havelaar troch de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde útroppen ta it wichtichste Nederlânsktalige letterkundige wurk fan alle tiden. Yn 2004 einige Multatuli op it 34e plak yn de ferkiezing fan De grutste Nederlanner.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne